“De training AI foar begjinners wie in echte oanrieder. It wie net allinnich ynformatyf, mar foaral ek hiel leuk om oan mei te dwaan. De ôfwikseling tusken útlis en sels oan ’e slach wie precies goed, sadat it noait swier of droech waard.
Wat foar my in ekstra dimensje joech, wie dat de hiele kursus yn it Frysk wie, yn ús eigen memmetaal. Dat makke it tagonklik, natuerlik en eins ek gewoan hiel gesellich.
It stikje Frysk-promosje dat der yn ferwurke wie, makke my nijskierrich en joech de dei in moaie, herkenbere twist.
De sfear op de lokaasje wie ûntspannen en monter, en alles wie goed fersoarge.
De trainer wie entûsjast, fleksibel en brocht de stof op in lichte, humoristyske wize. Syn entûsjasme wurke oanstekkelik; it makke dat de tiid foarby fleach en dat ik mei in goed gefoel en in protte nije kennis nei hûs gie.
Koartsein: in prachtige dei, goed fersoarge, learsum en mei in hiele moaie Fryske twist.
En no bin ik sels, op myn eigen net-geef-Fryske manier, mei AI yn it Frysk oan it sparjen — en dat fielt as in moaie ferlinging fan wat ik yn de training leard ha.”